Us plakje yn Soarchfliet
Yn Soarchfliet, oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld, stiet ús moaie fakânsjehûs dêr't rêst, duorsumens en sfear gearkomme: Fakânsjegelok. In plak dêr't we mei hert en siel oan wurke hawwe – en dy't we no mei grutskens diele mei oaren.
Wy binne in gesin út Akkrum mei trije jonges. Fjouwer jier lyn krigen we de kâns om dizze bungalow te keapjen. Wat folge wienen moannen fan mjitten, plannen, dreamen en úteinlik in nij ûntwerp. De basis mocht stean bliuwe, mar in soad is fernijd – mei each foar komfort, styl en duorsumens. Tink oan hege isolaasjewearden, sinnepanielen, in eigen laadpeal en moderne ynstallaasjes.
Wat Fakânsjegelok foar ús bysûnder makket, is de persoanlike sfear. We woenen gjin standert fakânsjehûs mei trettjin-yn-ien-dozijn meubels, mar in plak mei karakter. Dus binne we op syk gien nei moaie vintage meubels, dy't we kombinearren mei moderne eleminten. Waarm, knus en nét even oars as oars. En fansels: skjin en fris – de bêden en matrassen binne nij, gjin vintage;-).
We hâlde fan de natuer yn dizze omjouwing, geane der sels graach op út mei de fyts, en genietsje elke kear wer fan de moaie omjouwing.
Fakânsjegelok is in plak wurden dêr't je net allinne ûntspanne kinne, mar ek ynspirearre reitsje. We hoopje dat ús gasten har der krekt sa thús fiele as wy.